Feansters pakt foar mishanneling

22 sep 2006 - 10:29

De plysje hat twa manlju fan 48 en 22 jier fan It Hearrenfean oppakt foar mishanneling fan trije plakgenoaten. Twa slachtoffers binne 22 jier, de oare is 21. De fertochten sloegen op De Dracht op winkelruten. De slachtoffers seinen dêr wat, wêrnei't de Feansters begûnen te houwen.

De fyts fan ien fan de slachtoffers waard ek noch fernield. De plysje koe de fertochten eefkes letter oanhâlde. Se sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)