Skoalle Akkrum nominearre

22 sep 2006 - 07:09

De boargemaster Thalenskoalle yn Akkrum is nominearre foar de Nasjonale Underwiispriis yn de kategorie 'Kids in Bizz'. Dat is in projekt fan de Keamers fan Keaphannel, wêrby't bern fan groep acht in bedriuw opsette en draaiende hâlde.

Trije oare skoallen binne ek nominearre. De boargemaster Thalenskoalle moat him op 2 oktober yn de nasjonale ûnderwiiswike noch presinteare. De winner krijt 7000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)