Ilse De Lange iepenet Domino Day
Sjongeres Ilse De Lange sil op 27 septimber de earste dominostien delsette foar Domino Day. De rekordpoging fallende dominostiennen yn it WTC-Expo yn Ljouwert wurdt dit jier foar de achtste kear holden.
Ilse De Lange sil de alderearste stien woansdei pleatse. Dêrnei sille hast hûndert bouwers 4,4 miljoen stiennen delsette.