Boete foar Cambuurspilers

De spilers fan Cambuur ha in boete oplein krigen foar de wanprestaasje yn it bekertoernooi. Cambuur waard nei in 2-0 foarsprong útskeakele troch sneonshaadklasser ASWH mei 4-2. It boetebedrach sil oermakke wurde nei de stifting KiKa. Ferline wike hiene de spilers krekt in bonus krigen foar it goede spyljen.
Nei oerlis hat de club besletten oant de ein fan dit seizoen fierder te gean mei trainer Roy Wesseling.