Freez FM ferdwynt
De radiostjoerder Freez FM ferdwynt. De stjoerder koe net mear út, omdat de reklame-ynkomsten ôffoelen. Radio NL sil it plak fan de programma's fan Freez FM ynimme. Radio NL stjoert allinnich mar Nederlânsktalige muzyk út.
It personiel fan Freez FM hat oar wurk fûn. Ien fan harren komt yn tsjinst fan Radio NL.