Ielstikel weromset op It H'fean

© Omrop Fryslân
De ielstikel wurdt tongersdei weromplante yn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn it sintrum fan It Hearrenfean. De wetterplant groeide dêr op fersmoarge slib. Dat is fan it maityd fuorthelle by in sanearring.
Der mocht allinnich baggere wurde op betingst dat de ielstikel weromplante wurde soe. De ielstikel, yn it Nederlânsk de 'krabbenscheer', is fan belang foar in seldsume libelle, de ielstikelbiter.