Tsjerke-argyf Mantgum kompleet

19 sep 2006 - 17:47

Nei fjouwer jier speurwurk is it tsjerke-argyf fan Mantgum en Skillaerd kompleet. Hobby-argivaris Steensma út Mantgum hat de argiven fan 1650 oant 1985 byelkoarbrocht. Tresoar en de gemeente Littenseradiel stelden de lêste ûntbrekkende stikken beskikber.

De syktocht begûn fjouwer jier lyn nei't op de souder boppe it oargel in stapel papier fûn waard. Op it Fryske Argyfnet binne alle argiven fan Fryslân te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)