Littenseradiel wol net mei NWF

19 mrt 2012 - 21:54
gemeentehûs Littenseradiel

In fúzje fan Littenseradiel mei de gemeente Noardwest-Fryslân is foar it earst fan de baan. De ried sjocht folle mear yn gearwurking en sels fúzje mei Ljouwert en Sudwest-Fryslân. De provinsje sjocht it leafst dat Littenseradiel him rjochtet op ûnder oare Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt.

De ried yn Littenseradiel wol no earst fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân witte oft dy fusearje of gearwurkje wolle. Dat moat foar de simmer dúdlik wurde. Dan sil de ried opnij teset oer de takomst fan de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)