Miljoenenijbou útjouwerij Sterk

19 sep 2006 - 15:07

Utjouwer en boekhanneler Steven Sterk lit foar miljoenen euro's in gruthannel bouwe. Dy komt te stean op bedriuweterrein Overtoom op 'e Gordyk. Der komt ek in lytse boekhannel yn.

De totale kosten fan it nije gebou binne fiif miljoen euro. Der leit al in bysûnder ûntwerp foar it nije bedriuwsgebou. Sterk sit no noch mei syn útjouwerij yn Utrecht. Hy hat foar De Gordyk keazen omdat dat plak foar him finansjeel it geunstichst is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)