'Homofobe dûmny' teplak set

19 sep 2006 - 14:44

De algemiene tsjerkeried fan de Protestantske Tsjerke Ljouwert fynt dat de dûmny fan de Koepeltsjerke diskriminearret. Dûmny fan Vliet hat it preekjen fan it homofile kollega tsjinhâlden.

Dat kin net, fynt de ried. Der moat moat folsleine lykweardigens wêze tusken homoseksuele manlju en lesbyske froulju yn en bûten de tsjerke. Tritich jier ferlyn is al ôfpraat dat diskriminaasje net mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)