'Proletarysk tanke' op A6

© Omrop Fryslân
In automobilist (25) út Twizelerheide is troch de plysje op de A6 oppakt. De man hie tankt sûnder te beteljen. In meiwurker fan it tankstasjon gie der doe hurd achteroan en belle de plysje.
De auto fan de man krige in lekke bân en hy moast op in carpoolplak by Eastersea te foet fierder. Mei gefaar foar eigen libben stuts de man de drokke autodyk oer. Yn de berm koe de plysje de fertochte oanhâlde. Hy is sit fêst op it plysjeburo.