Man smyt rút plysjeauto yn

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is in man oanhâlden foar it ynsmiten fan in rút fan in plysjeauto. Hy hie eefkes dêrfoar op de Noardkade in boete krige foar pisjen yn it iepenbier. Doe't de plysjes yn de auto fuortrieden, hearden se in lûde klap. De achterrút hie hielendal oan barrels. De man hie der in flesse ynkeild.
De 37-jierrige man is oppakt en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr is er foar neier ûndersyk ynsletten.