D&D hat ferlet fan figuranten

© Omrop Fryslân
De Fryske dramasearje Dankert & Dankert siket noch in soad publyk foar opnames yn Drylts. De opnames binne op woansdei 20 septimber fan 13.00 oant 19.00 oere op it fierljepterrein. Dêr wurde opnames makke fan in fierljepwedstriid, ringriderij en in soarte fan Ter Land, Ter Zee en In de Lucht.
Belangstellenden kinne har opjaan troch in mailtsje te stjoeren nei dankert(a)omropfryslan.nl.