Jong Hearrenfean wint yn Veendam
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn Veendam mei 2-0 wûn yn in wedstryd om de beker. Al yn de earste minút makke Bo Storm 1-0. Noch gjin kertier letter waard it 2-0 troch Ken Ilso Larssen.
Mei dizze winst is Jong Hearrenfean wis fan in plak yn de twadde rûnte om de beker. Hearrenfean stiet no earste yn de poule en moat allinnich noch tsjin Jong Grins.