Tarvajärvi foarearst útskeakele

18 sep 2006 - 23:25

De Finske oanfaller Niklas Tarvajärvi fan sc Hearrenfean is foarearst útskeakele. Fanwege in hamstringblessuere moat Tarvajärvi seker trije oant fjouwer wike rêst hâlde. De Fin rûn de blessuere snein op, doe't er ynfoel yn de wedstriid tsjin NEC.

Jeroen Drost, dy't yn Portugal blessearre rekke oan de knibbel, is sa't it no liket tongersdei wer ynsetber yn it bekerduel tsjin Roda.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)