Bike-surveillanten súkses

Plysjes op mountainbikes binne ynkoarten mooglik yn hiel Fryslân te sjen. Yn Ljouwert, Dokkum en Bûtenpost fytse se al in skoftke om, mar oare korpsen ha ek grutte belangstelling.
De plysje hat bike-surveillanten om buerten feiliger te meitsjen en it kontakt mei minsken te ferbetterjen. Ek kinne se maklik ynset wurde by aksjes en eveneminten. Moandei krigen de earste proefsurveillanten bettere fytsen en aparte fytsklean.