Boete foar brânen cd's

In 41-jierrige ynwenster fan Snits moat fiiftûzen euro betelje foar it yllegaal brânen fan cd's en dvd's. Ek hat de frou in wurkstraf fan hûndert oeren ûnder betingst krigen.
De rjochtbank fan Ljouwert hat de frou moandeitemiddei ta de straf feroardield. Yn 2004 hie se sawat tûzen cd's en dvd's yllegaal kopieard. Dêrnei ferkocht se se op ynternet. De frou sei dat se net wist dat har hanneljen yllegaal wie.