Fryske skulde-oanpak súksesfol

Fryslân is tige súksesfol mei de oanpak fan skulden fan partikulieren. Yn fyftjin persint fan de gefallen wurdt in akkoart berikt tusken de skuldner en de skuldeasker. Lanlik is dat persintaazje fjouwer persint.
Yn Fryslân komme ek minder skuldesaken foar de rjochter. De mienskiplike kredytbank yn Ljouwert begeliedt minsken mei skulden. Dy ûntsteane faak troch it ferlies fan in baan of omdat minsken op te grutte foet libje.