Bus fan Paulusma stellen

Yn it sintrum fan Antwerpen is dit wykein in Mercedesbus fan Paulusma Reizen stellen. It bedriuw wie op paad mei boubedriuw Siderius út Earnewâld. Yn sân hasten is in oare bus regele.
Op it spesjale plak foar bussen yn de Belgyske stêd stiene fiif bussen by elkoar. Allinnich dy fan Paulusma waard stellen. Oer twa wiken moat Paulusma wer nei Antwerpen ta. Dat giet gewoan troch. De stellen bus is fersekere.