Nije kultuerlokaasje Snits
Snits krijt der in kultuerlokaasje by. In nije stifting sil jierliks in kultureel programma ûntwikkelje foar de Martinitsjerke yn de stêd.
Moandeitemiddei is de stifting Kulturele Eveneminten Martinitsjerke offisjeel oprjochte. Yn it bestjoer komme minsken fan de Herfoarmde tsjerke en fan de gemeente.