Toni nije trener fan Setúbal
Vitória Setúbal, de tsjinstanner fan Hearrenfean yn 'e UEFA-cup, hat snein António Conceiçao presintearre as de nije trener. Conceiçao, dy't better bekend is ûnder syn fuotbalnamme Tóni, is de opfolger fan Hélio Sousa. Dy waard freed ûntslein nei it foar Vitória Setúbal sa pynlike 0-3 ferlies tsjin sc Hearrenfean.
Tóni stiet bekend as ien fan 'e bêste treners fan Portugal. Hy wurke yn it ferline by Benfica en Sevilla.