Dokkumer ôffal ûnder de grûn

18 sep 2006 - 12:55

Bewenners fan de binnenstêd yn Dokkum kinne tenei har smoargens yn ûndergrûnse konteners stoarte. De konteners wurde dizze wike pleatst yn it sintrum en binne bedoeld foar húshâldens dy't net in grize of griene kontener hawwe.

De gemeente wol sa it swalkôffal ferminderje. Om foar te kommen dat bedriuwen der ek gebrûk fan meitsje krije alle bewenners in paske dêr't se de kontener mei iepenmeitsje kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)