Brânstifters oanholden

18 sep 2006 - 10:30

De plysje hat sneon fjouwer jonges oppakt foar brânstifting yn in skoalle op 'e Jouwer. De fertochten binne 14 en 15 jier en komme allegear fan De Jouwer. De plysje krige sneontejûn in melding fan fernielerij yn de skoalle oan de Blauhofleane.

By oankomst trappearre de plysje de jonges by de gymseal, dêr't binnen wat baarnde. Der is gjin ferbân mei de konifearebrannen fan de lêste tiid op 'e Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)