Koegelwieck wer makke

De Koegelwieck sil nei alle gedachten fan tiisdei ôf wer de sneltsjinst nei Flylân en Skylge fersoargje. It skip koe troch technyske problemen de ôfrune wike net brûkt wurde. Dit wykein is de Koegelwieck makke en moandei makket it skip in proeffeart.
Doeksen hat ek problemen hân mei it nije skip De Vlieland. Troch de oangroei fan moksels wurke de airconditioning net goed. Dat soe ûnderwilens alwer ferholpen wêze.