Friezen net by earste tsien PvdA

De twa Fryske Keamerleden Straub en Tichelaar stean net by de earste tsien op de PvdA-konseptlist foar de kommende ferkiezings. De list is snein útlekt.
Tichelaar stie by de ferkiezings fan 2003 noch sechsde. Hy seit foarearst net teloarsteld te wêzen, as er mar wer op in ferkiesber plak komt. De PvdA wol in soad nije kandidaten op de list ha. Tongersdei bûcht it bestjoer fan de partij him oer de list.