Rekord swimbad Surhústerfean

Swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean hat in rekordtal besikers lutsen. Mie-inoar kamen dit seizoen 72.500 minsken nei it iepenloftbad. It barde twa kear earder dat de grins fan 70.000 besikers helle waard. Dat wie yn 1992 en yn 1997.
Yn earste ynstânsje waard rekken holden mei in besikersoantal fan boppe de 75.000, mar it minne waar fan augustus soarge derfoar dat dit tal net helle is.