Plysje warber foar goeie doelen

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân wol net allinnich ynwenners fan Fryslân helpe mar ek minsken yn de tredde wrâld. Foar it earst yn 'e skiednis stipet it korps projekten yn Oeganda en Peru. De plysje wol hjirmei sjen litte dat se maatskiplik breder belutsen binne.
Der is in spesjale wurkgroep oprjochte en yn novimber geane twa plysjeminsken op besite yn Peru, by weesbern yn de haadstêd Lima.