Soad belangstelling foar De Muze

© Omrop Fryslân
De kaartferkeap fan it kostúmdrama 'De Muze fan Lyts Hermana' yn Minnertsgea ferrint goed, sa lit de organisaasje witte. Nei fjouwer spyljûnen mei moai waar en in soad publyk is ek de foarstelling fan 29 septimber útferkocht.
Allinnich foar de foarstellings fan tiisdei en tongersdei 21 septimber binne noch kaarten te krijen. Der is yn Minnertsgea meiinoar plak foar 550 taskôgers.