A32 wer iepen foar alle ferkear

17 sep 2006 - 16:52

De ôfsluting fan de A32 tusken de Werpsterhoeke en Wurdum hat koarter duorre as ferwachte. Sneintemiddei om 16.30 oere gie de dyk wer iepen. Neffens de planning hie de dyk moandeitemoarn wer iepen gean sillen, mar troch it net al te waarme waar kuolle it nije asfalt gau ôf, wêrtroch der flugger trochwurke wurde koe.

De ôfsluting wie wol lestich, omdat it ferkear bytiden wol 50 km omride moast. Oaren brûkten slûprûtes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)