Friezinnen twadde by WK toulûken

© Omrop Fryslân
By it WK toulûken yn Assen is it Nederlânsk team dit wykein twa kear twadde wurden. Sneon, yn de klasse oant 520 kilo, kaam de Fryske ynbring fan Maaike Hornstra út Jellum. Yn de finale wie Sweden te sterk foar Nederlân.
Snein, yn de klasse oant 560 kilo, kaam Hornstra op 'e nij yn aksje. Mei Grytsje Stoker fan Wurdum en Gerda van der Wal út it Heidenskip, waard Nederlân wer twadde achter Sweden.