Kwaliteit rispinge falt ôf

17 sep 2006 - 15:07

It ekstreme waar fan dizze simmer hat der ta laat dat de kwaliteit fan 'e gewaaksen dy't fan it lân komme ûnder de mjitte is. It wie yn july earst te hyt, oanslutend wie augustus te wiet en septimber is wer te waarm. Hjirtroch is it uterlik fan de jirpels net sa't it wêze moat. Yn it weet sit tefolle focht.

Yn hoefiere de legere kwaliteit ek finansjele gefolgen hat foar de bouboeren is noch net te sizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)