Frysk súkses by Slach om Makkum

© Omrop Fryslân
By de sloeperace 'De Slach om Makkum' hawwe de Fryske dielnimmers it sneon poerbêst dien. By de manlju waarden de Breibekken út Warkum earste, Trewis I út Aldeboarn waard twadde en De Stienbok út Sint Nyk waard tredde.
By de froulju gie de earste priis nei 'De Wetterheks' fan Flylân en twadde waard 'De Brûzer' út Makkum. Meiinoar diene der 54 sloepen mei, 12 by de froulju en 42 by de manlju.