Gripe ynnommen by fûllearaksje

By it previntyf fûllearjen yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in gripe yn beslach nommen. Fierder trof de plysje seis messen, twa kneppels, in skjirre, in hammer en trije skroevedraaiers oan.
Ek waarden 150 autoriders op alkohol kontrolearre. In Ljouwerter (24) woe net stoppe. In aginte koe mar krekt op 'e tiid fuortspringe. Hy waard letter thús oanhâlden. De man wurdt beskuldige fan poging ta deaslach.