Brommerrider omkommen by Wommels

17 sep 2006 - 11:52
Foto: Omrop Fryslân

Op de Slachte by Wommels is sneon in man út Wommels (22) om it libben kommen by in slim ûngelok mei syn brommer. De man is nachts op sneon op syn brommer stapt en op de krusing fan De Súdhoeke mei de Slachte fan de dyk rekke. Moarns waard hy fûn.

De man hie gjin helm op. Hy is mei syn holle tsjin een betonnen peal oankommen. De plysje hat foar de sekerheid noch socht nei mooglike oare slachtoffers, mar der is neat fûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)