Skip skânsearre troch brân

17 sep 2006 - 08:28

Der hat sneintemoarn betiid brân west oan de Westerseedyk yn Harns. Der wie in wein mei strie yn de brân flein. Op 4 meter ôfstân lei in skip yn de haven. Dat hat flinke skea oprûn.

De brânwacht fan Harns hat mei perslucht yn it skip west om te sjen oft der ek minsken oan board wiene, mar dat wie net it gefal. It bluswurk hat twa oeren duorre. De plysje ûndersiket hoe't de wein mei strie yn de brân fleane koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)