ONS en Hark. Boys stelle teloar

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys en ONS Snits hawwe sneontemiddei alle twa net wûn. ONS Snits spile thús mei 1-1 lyk tsjin Genemuiden. Genemuiden spile in grut part fan de wedstryd mei tsien man. Sandor van der Heide makke nei de reade kaart de 1-1. De skiedsrjochter lei yn de twadde helte de wedstryd tsien minuten stil.
Harkemase Boys ferlear yn Hardenberg mei 5-2 fan HHC. Jelmer Slager en Tony Alberda skoarden foar de Boys.