Burgum skokt om mishanneling

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Burgum hawwe mei ôfgriis reagearre op de mooglike mishanneling fan in poppe yn Burgum. Freed waard bekend dat de heit(34) fan 'e poppe tiisdei foarkomme moat. De man wurdt der fan fertocht dat er syn soantsje sûnt de berte yn 2005 sa mishannele hat, dat de poppe 40 breuken oprûn.
De advokaat wol dat de rjochtsaak achter sletten doarren hâlden wurdt, omdat syn kliïnt bedrige is op ynternet.