Plysje hâldt 'Cambuur-fans' oan

16 sep 2006 - 16:00

De plysje hat freed nei de wedstriid Cambuur - De Graafschap mei help fan ME trije Ljouwerters oanhâlden. In groep fan inkelde tsientallen jongeren gedroech him ferfelend. Se wiene út op in konfrontaasje mei supporters fan De Graafschap.

Doe't dy konfrontaasje net kaam rjochten de jongeren har op de plysje. Twa minsken misledigen de plysje, ien arrestant smiet in stien nei in plysjeauto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)