Sande Amerikaan foar Aris

16 sep 2006 - 12:47
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan WoonAris hawwe der wer in Amerikaan by. Herman Flavors komt nei Ljouwert. Hy ferfangt Erik Schuur. Schuur spile twa jier ferlyn ek by Aris, mar krige doe in blessuere oan de knibbel. Dêr hat hy no noch hieltiid lêst. Derom hat it management fan Aris besletten in nije spiler oan te lûken.

De 22-jierrige Flavor komt fan Georgia State University. Dêr spile hy op de point-guard-posysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)