Bouwmeester crasht op WK Laser

16 sep 2006 - 12:47

Siler Roelof Bouwmeester is op de tredde dei fan it Wrâld Kampioenskip yn de Laser-klasse crasht. De stjoerman út Warten kaam yn oanrekking mei twa oare boaten. De skea wie sa grut dat Bouwmeester nei de wal moast. Uteinlik beslette de jury dat hy sechstjinde waard.

Yn de earste twa races waard hy achttjinde en achtste. Dêrtroch stiet hy no yn it klassemint op in njoggentjinde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)