Bestjoerders ûntwike omlieding

16 sep 2006 - 10:34

In soad autobestjoerders sykje sels mar in alternatyf foar de omliedingen fan Rykswettersteat dit wykein. Earder dizze wike waard bekend dat autobestjoerders yn it slimste gefal 70 km omride moatte oer Drachten om fan Ljouwert nei Wurdum te kommen.

De A32 fan Ljouwert nei It Hearrenfean is ôfsletten tusken de Werpsterhoek en de ôfslach Wurdum foar underhâld. Ferkear fan It Hearrenfean nei Ljouwert kin wol gewoan oer de A32.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)