Snitser arken oansletten op IBA

© Omrop Fryslân
Acht wenarken by de Grutte Potten oan de Snitsermar binne freed offisjeel oansletten op saneamde wetter-IBA's. In IBA is in lytse suveringsynstallaasje dy't wetter út de goatstien of it húske himmelet en werom yn it opperflaktewetter pompt.
Normaal wurde dizze ynstallaasjes pleatst by wenten yn it bûtengebiet dy't net op de rioelearring oansletten binne. It is foar it earst dat yn Fryslân sokke IBA's brûkt wurde.