Nij diel yn Kameleon-rige

Nei acht jier ferskynt der wer in nij diel yn de rige Kameleonboeken. Yn diel 64 spilet fuotbalklub SC Hearrenfean in wichtige rol yn it nije aventoer fan de twilling Hielke en Sietse Klinkhamer.
SC Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde sil takom woansdei it earste eksimplaar fan 'De Kameleon scoort' útrikt krije yn it Abe Lenstrastadion. Hy is ek lid fan de gemeenteried fan Lenten, it wenplak fan de twilling.