Sloop winkels Bilgaard útsteld

De sloop fan it ôfbaarnde winkelsintrum yn de Ljouwerter wyk Bilgaard kin freed noch net begjinne. De sloop moat útsteld wurde om't noch net alle eigners berikt binne. It winkelsintrum hat in koöperative eignersferiening.
Dêrtroch moat by elk beslút elkenien unanym wêze, dus ek oer de sloop. Albert Heyn hat in eigen sloper en sil moandei begjinne. De need is heech om't it by de winkel freeslik stjonkt.