Poppe swier mishannele yn Burgum

15 sep 2006 - 13:13

In man (34) út Burgum moat tiisdei foar de rjochter ferskine, omdat er syn soantsje slim mishannele hat. De man wurdt derfan fertocht dat er syn bern sûnt de berte yn febrewaris 2005 oant en mei maaie dat jier mear as 40 bonkebreuken besoarge hat.

It Iepenbier Ministearje klaget de man oan foar swiere mishanneling mei opset sin. De advokaat fan de fertochte lit witte dat it jonkje it goed makket en fuorthelle is by de âlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)