Total Loss net op Liet 2006

© Omrop Fryslân
De groep Total Loss út Deinum hat him weromlutsen foar de finale fan it Fryske songfestival Liet 2006 op 7 oktober. Har nûmer 'Twa Cointreaux mei iis' wie al in kear by Omrop Fryslân te hearren. Liet stiet allinnich iepen foar nije lieten, dy't net earder yn it iepenbier te hearren wiene.
Yn plak fan Total Loss dogge no Trienke & Missie Snack út Ljouwert mei, mei it Ljouwerter ferske 'Koele Kast', in komposysje fan Sido Martens.