Botsing troch hazze yn Drachten

© Omrop Fryslân
In automobilist út Surhústerfean is tongersdei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. De man kaam op de Knobben yn botsing mei de auto fan in Drachtster, dy't besocht in oerstekkende hazze te ûntwiken.
De Drachtster rekke dêrby op de ferkearde helte fan de dyk. De Surhústerfeanster is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De Drachtster en de hazze mankearren neat.