Fryske toulûkers útskeakele

© Omrop Fryslân
De Fryske dielnimmers oan it WK toulûken yn Assen binne net fierder kaam as de foarrondes. De manlju fan It Heidenskip kamen yn de poulefaze net fierder as it ien-nei-lêste plak yn de kategory oant 680 kg.
De froulju fan de Frysk-Nederlânske kombinaasje Tearns/Hertme waarden ek yn de poulefaze útskeakele. Yn de klasse oant 520 kg ferlear de groep mar twa kear. In 3e plak wie lykwols krekt net genôch foar de finalerondes.