Renovaasje Snitser wyk klear

15 sep 2006 - 09:46

Mei in grutte barbeque waard tongersdei yn de wenwyk Lemmerweg-West yn Snits fierd dat de renovaasje fan de wyk klear is. Yn seis jier tiid hat de wenningstifting De Wieren 276 wenten opknapt.

De wenten krije ûnder oare keunststof kezinen en fierder binne is op de measte huzen in kap op it dak set. De folsleine operaasje hat 10 miljoen euro koste. De wenningstifting woe mar in pear blokken de kear renovearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)