SC Hearrenfean docht goede saken

Sportklub Hearrenfean hat goede saken dien yn de earste ronde fan de UEFA- beker. De ploech fan trainer Gert-Jan Verbeek wûn tongersdei mei 3-0 fan it Portugeeske Vitoria Setúbal. Twa frije trapen fan de Braziliaan Afonso Alves en in frommelgoal fan Nilsson wiene úteinliks foldwaande om de Portugeeske subtopper te ferslaan.
De earste wedstriid waard spile yn Lissabon en oer twa wike is de return yn it Abe Lenstra-stadion.